FNP wol Fryske Frijheidsdei

© Omrop Fryslân
De Frysk Nasjonale Partij wol in Fryske Frijheidsdei útroppe. De provinsjale betinkingsdei soe 15 april wêze moatte, de dei dat de provinsje yn 1945 fan de Dútsers befrijd waard. It idee waard op de Nijjierssit fan de FNP lansearre.
De FNP Miljeupriis is nei de Kringloopwinkel yn Heech gien. De Sulveren Fyts is bestemd foar meiwurkers fan de oerdutsen fytsestalling yn Snits.