Postma moast 1500 meter oerride

14 jan 2001 - 15:54

Ids Postma is sneon fjirde wurden op de 1500 meter by it EK yn Baselga di Pine. De Dearsumer kaam yn 1:51:31 oer de streep. Hy hie lêst hân fan de fal fan Mark Tuitert ûnder syn rit. Postma mocht de myl oerride en die dat yn 1:51:13.

De Rus Sjepel hat nei trije ôfstannen de lieding yn it klassemint oernaam. Postma stiet twadde yn it klassemint en moat 3:44 goedmeitsje op de Rus op de 10 km.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)