Plysje wol nij buro op Skier

© Omrop Fryslân
De plysje op Skiermûntseach wol in nij plysjeburo by it nije gemeentehûs op it eilân hawwe. It besteande buro foldocht net mear oan de easken.
De gemeente stipet it idee foar nijbou en stelt út 80.000 gûne út te lûken foar begelieding fan de bou. It nije buro komt sintraler yn it doarp. In bykommend foardiel is dat gemeentehûs en plysjeburo de fasiliteiten diele kinne.