Goede start Ids Postma
Ids Postma hat op it EK reedriden de 500 meter wûn. Hy ried 36.95. Dield twad waarden debutant Mark Tuitert en de Fin Risto Rosendahl. Sy rieden 36.96.
Hoewol't Postma dus wûn, wist er net in gat te slaan, lykas oars wol faak op de 500 meter. De riders sitte allegear noch ticht by inoar. De earste acht (ek Uytdehaage en Beulenkamp) rieden allegear ûnder de 37.32.