Lawei wol kultuersintrum

12 jan 2001 - 16:33

Drachten wol op kultureel mêd de striid oangean mei Ljouwert en Grins. Skouboarch De Lawei sil útwreidzje mei in restaurant en in nije teaterromte.

Mar Laweidirekteur Van Zuilen sjocht mear mooglikheden. Want ek museum Smellingerlân en de biblioteek sykje in nij ûnderkommen. Neffens Van Zuilen moatte de trije har krêften bondelje yn it pân fan de Rabobank, dy't ferhuzet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)