Postiljon-hotel moat ticht

© Omrop Fryslân
Dat bettere ynfrastruktuer net foar elkenien geunstich is, kin it MercurePostiljon Hotel yn Hearrenfean befêstigje. It hotel giet ticht, om't der nei it ferfangen fan de rotonde troch it klaverblêd te min gasten komme.
De fyftich personielsleden hawwe ferslein op it nijs reagearre. Guon kinne miskien by oare festigings oan 'e slach. It hotel bestie sûnt 1964.