'Ien Waadgemeente net reëel'

12 jan 2001 - 12:14

Gearfoeging fan de Waadeilannen ta ien gemeente sjit syn doel foarby. Yntensive gearwurking is de bêste opsje. Dat konkludearret de Universiteit fan Grins yn in ûndersyk yn opdracht fan it oerlisorgaan Waadeilannen.

De ûndersikers pleitsje derfoar twa hege amtners yn Ljouwert te stasjonearjen. Sy moatte de belangen fan de eilannen by ûnder oare de provinsje ferdigenje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)