De Colle: gjin ekstra maatregels

12 jan 2001 - 10:04

Kultureel sintrum De Colle yn Kollum sil gjin ekstra feilichheidsmaatregels nimme. Ein desimber wie der yn de Colle in foarstelling fan jeugdsirkus Fantastini. Yn in seal mei trijehûndert bern bruts doe brân út.

In besiker hat fia de krante har soarch útsprutsen. Neffens De Colle hat der gjin gefaar west. Wol sil de programma's tenei op brângefaar hifke wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)