Undersyk gefolgen ammoniakwet
De provinsje sil de gefolgen besjen fan de nije ammoniakwetjouwing foar Fryske boeren. Dat hat deputearre Mulder tasein. Boere-organisaasje NLTO hat in needgjalp utere oer de nije regeling.
Twahûndert sûne boerebedriuwen yn it súdeasten fan Fryslân meie net útwreidzje om't se ticht by in natuergebiet sitte. De steatefraksjes fan CDA en VVD wolle de Twadde Keamer ynskeakelje.