Rabobank Drachten ferhuzet

© Omrop Fryslân
It haadkantoar fan de Rabobank ferhuzet fan it sintrum fan Drachten nei it A7 bedriuweterrein. Yn it sintrum bliuwt noch in lytse festiging oer.
De bank sil mear as tsien miljoen gûne ynvestearje yn it gebou, dat haadkantoar wurdt foar de partikuliere en de saaklike klanten. Neffens de direksje sille de measte fan de 150 meiwurkers yn it nije kantoar oan it wurk kinne.