Frou Siezenga noch net tefreden
Frou Siezenga fan Brantgum tinkt oan fierdere stappen tsjin de gebrûksregels Frysk fan de gemeente Dongeradiel. Se is wol wiis mei it feit dat B en W fan Dongeradiel har eksús oanbiede sil foar it gedrach fan wethâlder Oosterhof.
Yn de nije gebrûksregels oer it Frysk stiet dat kolleezjeleden sels har taal kieze meie, of der moat sprake wêze fan in sterk persoanlik belang.