NLTO: ROM-projekt yn gefaar

© Omrop Fryslân
200 sûne boerebedriuwen yn it súdeasten fan Fryslân wurde yn it fuortbestean bedrige troch de nije ammoniakregels fan it kabinet, tinkt de NLTO. Benammen molkfeehâlderijen deun by natoergebieten komme mooglik folslein op slot.
De NLTO fynt dit tige ûnrjochtfeardich omdat de boeren yn it ramt fan it ROMprojekt al frijwillich meiwurkje oan de beskerming fan natoer en miljeu.