Fryske kursus website-bouwe

© Omrop Fryslân
Ynternet-ûndernimmer Gerben Poortinga fan Britsum hat in Frysktalige kursus website-bouwe op syn site set. Poortinga hopet hjirmei te berikken dat mear Friezen en Fryske bedriuwen in website meitsje. Benammen it midden- en lytsbedriuw rint achter, mient Poortinga.
De kursus is te berikken op it adres www.lineone.nl ûnder it motto: in site bouwe is makliker as jo tinke...