Nije hope foar tsjerke Skingen

10 jan 2001 - 10:28

It lytse tsjerkje fan Skingen is yn minne steat. De stichting Tsjerke en Toer besiket al sûnt in pear jier jild op it kleed te krijen foar in restauraasje.

Om't it tsjerkje net in monumintestatus hat, is it dreech subsydzjes los te krijen. Tongersdei wurdt mei gemeente en provinsje besjoen at âlde grêfstiennen ûnder de grûn dochs noch foar de monumintestatus soargje kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)