Bern faak fêstbûn op bedsje

10 jan 2001 - 09:40

Thússoarchorganisaasjes yn Fryslân binne skrokken fan it oantal âlders dat har poppe op bêd fêstleit. In soad âlders dogge dat noch om foar te kommen dat de poppe op 'e búk lizzen giet.

It is lykwols gefaarlik om't it ien fan de risikofaktoaren is mei it each op 'wiegedood'. Alders brûke ûnder oaren tou, sjaals en sels wasklinen om de bern fêst te lizzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)