Krityk op wegering homohoulik
Gemeentes moatte amtners fan de boargerlike stân dien jaan as se wegerje homohouliken te sluten. It COC Fryslân hat dêroer in brief skreaun oan alle Fryske gemeenten. Neffens de belangeorganisaasje moatte alle amtners harren oan de wet hâlde.
Twa jier ferlyn is ûnder Fryske amtners in enkête hâlden oer it homohoulik. Yn totaal 22 wolle der net oan meiwurkje.