Noordned hat genôch treinen

09 jan 2001 - 14:01

Noordned hat fan moandei ôf genôch treinen om mei te riden. Mei de Nederlânske Spoarwegen is in kontrakt sletten oer it útwikseljen fan treinstellen. De noardlike ferfiersmaatskippij beskikt nei moannen oer foldwaande reservematerieel.

Noordned hie te min treinstellen om de reizgers te ferfieren. Fral yn de spits soarge dat foar argewaasje. De provinsje beboete it bedriuw mei 3,5 ton.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)