Utrikking fan Kopperprint

09 jan 2001 - 10:33
Foto: Omrop Fryslân

De 80 lytse drukkerijen yn Fryslân krije it hieltyd dreger. Om de holle boppe wetter te hâlden moatte se fusearje of gearwurkje. Dat sei de foarsitter fan de drukkersferiening moandei by de útrikking fan de Kopperprint.

De Kopperprint wurdt jierliks troch in oare drukker makke. Brouwer en Wielsma fan It Hearrenfean fersoargen dit kear in ets mei in fers fan Baukje Wytsma.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)