Ungemakken troch glêdens

08 jan 2001 - 17:38
Foto: Omrop Fryslân

Yn Fryslân hawwe moandeitemoarn inkele tsientallen oanridings plakfûn as gefolch fan de ûnferwachte glêdens. Neffens de plysje rekken dêr gjin minsken slim ferwûne by.

It gie benammen om slippartijen mei blikskea. Yn de provinsje waard letter rûnom struid. Neffens it KNMI waard pas moandeitemoarn betiid dúdlik dat it glêd wurde soe.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)