Jorwert fiert 'Utblaasd' op
Yn Jorwert wurdt dizze simmer it iepenloftspul 'Utblaasd' opfierd. It stik is basearre op de Britse film Brassed Off (1994). Dy giet oer in doarpke dêr't de koalemyn ticht giet.
Mei de sluting fan de myn ferdwynt de wurkgelegenheid. Ek de pleatslike brassband stiet ûnder druk. Der spilet in echte brassband mei yn it iepenloftspul ûnder leiding fan Andries de Haan.