Strop om nije brânwachtauto

08 jan 2001 - 10:46

Skarsterlân moat op 'en nij ta de bûse foar in nije brânwachtauto yn Langwar. Begjin ferline jier is de spuitwein besteld. De gemeente hat alfêst 100.000 gûne oanbetelle.

De fabrikant is lykwols fallyt gien en Skarsterlân kriget it jild net werom. Njonken it bedrach fan de oanbetelling moat der nochris 140.000 gûne op it kleed komme foar de nije brânwachtauto.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)