Ferwûne by ûngelok yn Gytsjerk

© Omrop Fryslân
In 22-jierrige frou út Gytsjerk is sneontejûn op de Trynwâldsterwei yn har wenplak ferwûne rekke. Mei har auto botste se tsjin in beam en dêrnei rekke hja yn 'e sleat.
De brânwacht hat it slachtoffer út de auto weihelle. De frou is mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert. Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is noch ûndúdlik.