Rjochtsaak om Frysk praten

© Omrop Fryslân
De FNP Dongeradiel stapt nei de rjochter nei oanlieding fan de kwestje-Oosterhof. De wethâlder wegere op in gearkomste fan pjutteboartersplakken him te ferbrekken tsjin in frou út Brantgum. Nei in pear jier Fryslân moat se de taal ferstean.
De frou tsjinne dêrop in klacht yn by de gemeente dy't har gelyk joech. De FNP fynt dat Frysk praten net in geunst, mar in rjocht is en skeakelt de rjochter yn.