Tragysk ûngelok by Rinsumageast

© Omrop Fryslân
By in ferkearsûngelok op de wei DokkumAldtsjerk binne freed op 'e neimiddei twa susters om it libben kommen. Harren auto ried frontaal op in auto bestjoerd troch in ynwenner fan Dokkum (37). Dy wie nei alle gedachten oan it ynheljen.
De slachtoffers (27 en 22 jier) komme út Aldtsjerk en Oentsjerk. Se binne op it plak fan it ûngelok ferstoarn. De Dokkumer is nei it sikehûs brocht.