Essent hie yn 2000 goed jier

06 jan 2001 - 15:08

It enerzjybedriuw Essent hat foarich jier goed draaid. Yn 2000 boekte it bedriuw in nettorisseltaat fan 720 miljoen gûne. Dat is 20 prosint mear yn ferliking mei it jier dêrfoar. Essent hat in omset draaid fan 10,5 miljard.

De positive sifers komme troch goede prestaasjes op de enerzjy-ynkeapmerk. Der binne boppedat mear klanten yn de elektrisiteitsmerk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)