SCI moat werombetelje

© Omrop Fryslân
Kompjûterbedriuw SCI op It Hearrenfean moat trije miljoen gûne subsydzje werombetelje oan de provinsje en de NOM. Dat skriuwt it Financieel Dagblad freed.
De Europeeske Kommisje hat dat besletten om't it bedriuw bougrûn te goedkeap kocht ha soe fan de gemeente. Boppedat soe de NOM tefolle jild stutsen ha yn de ferbouwing en beweitsing fan it tydlike pân fan SCI yn De Lieke.