Beamme-ynsammelaksje suksesfol

05 jan 2001 - 18:13

Likernôch 1335 krystbeammen hat de jeugd yn Harns yn de earste wike fan it nije jier ophelle. De ophelaksje wie in ûnderdiel fan in wedstriid fan de gemeente. It ynsammeljen moast tefoaren komme dat jongerein de beammen yn brân sette.

De aksje wie suksesfol. Der hawwe fan it jier amper yllegale brantsjes west. De opbringst wie minder as ferline jier. De prizen wurde 11 jannewaris útrikt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)