Gelredome noch net útferkocht

05 jan 2001 - 12:47

It Mega-yntym konsert fan De Kast en de Amberikaanske band Venice yn it Gelredome is noch net folslein útferkocht. It konsert wurdt sneon holden. Yn 'e foarferkeap binne sa'n 18.000 fan 'e beskikbere 20.000 kaartsjes ferkocht.

It management fan De Kast ferwachtet dat it konsert noch wol útferkocht reitsje sil. Nei Mega-yntym begjint De Kast yn Drachten mei 34 theater-konserten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)