Waadferiening tsjin op nijbou

© Omrop Fryslân
De Waadferiening is poer tsjin op de bou fan in nij rekreaasjedoarp by Eastmahorn. De feriening hat in beswierskrift yntsjinne by de gemeente Dongeradiel. De plannen soene te grutskalich wêze.
Der wurdt útgien fan de bou fan 250 rekreaasjewennings dy't it iepen lânskip oan de Lauwersmarkust mooglik skeine. Mei de oanlis fan it doarp ferdwynt boppedat sa'n 25 bunder fûgeltsjelân.