Oeretsjinst op Skylge bliuwt

© Omrop Fryslân
De oeretsjinst fan bussen op Skylge bliuwt takom jier bestean. Arriva hie earder oanjûn dat it net slagget om yn in oere it hiele eilân oer te riden. Ferkearsremjende maatregels op it eilân soargje foar dizze fertraging.
Om fêst te hâlden oan de oeretsjinst sil dêrom sa út en troch in ekstra bus ynsetten wurde. De gemeente Skylge stelt hjirfoar 35.000 gûne beskikber.