Minder omset fiskfeiling

04 jan 2001 - 16:51

De fiskfeiling Insula yn Harns hat yn 2000 foar 90 miljoen gûne omset. Dat is goed 7 miljoen minder as yn 1999. Insula is dêrmei nei Urk, Den Helder en IJmuiden de fjirde feiling fan Nederlân.

De oanfier fan garnalen rûn tebek, mar der waard foar in miljoen gûne mear platfisk nei Harns brocht. It tal lisplakken wurdt op dit stuit troch de gemeente ferdûbele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)