Feemerk buorket efterút

© Omrop Fryslân
De oanfier fan 'e Ljouwerter feemerk is yn 2000 mei mear as 8 persint ynsakke. Der waarden 12,5% minder kij oanfierd. De oanfier fan keallen gie sels mei 16% tebek. De oarsaak is de BSE-krisis.
De feemerk fan Den Bosch ferlear noch mear hannel: goed 13%. Meiinoar waarden op de Ljouwerter feemerk ferline jier 302.094 bisten oanfierd. De Ljouwerter merk is dêrmei de grutste fan Nederlân.