Fermiste man dea fûn
De plysje hat woansdei de fermiste Marcel van den Broek út De Haach fûn. De man lei yn in sleat by fytspaad De Ketting yn Hearrenfean. Hy is ferdronken.
Earder op de dei hie in foarbygonger in skoech fûn op it iis. Dat wie foar de plysje it sein om wer in sykaksje op tou te setten. De man hie âld en nij fierd yn de wyk Nijehaske.