Slachtoffer brân Volendam yn MCL
Op dit stuit leit der ien slachtoffer fan de kafeebrân yn Volendam op de intensive care fan it MCL yn Ljouwert. It giet om in famke fan 16 jier.
Meielkoar binne der twa slachtoffers fan de brân op nijjiersmoarn nei sikehuzen yn Fryslân brocht. Ien slachtoffer is nei behanneling yn it sikehûs fan Snits oerbrocht nei it sikehûs yn Grins.