Nooitgedagt wurdt restaurearre

03 jan 2001 - 16:17
Foto: Omrop Fryslân

De restauraasje fan it âlde Nooitgedagtredensfabryk yn Drylts komt net yn gefaar troch de brân fan Aldjiersnacht. De gevels stean noch oerein. Wol is it dak ferlern gien, mar dat moast dochs al fernijd wurde.

By de plysje is oanjefte dien fan brânstichting. Wa't it fjoer oanstutsen hat, is noch net bekend. Der binne noch gjin minsken oppakt.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)