Oerlêst jongeren moat oanpakt

© Omrop Fryslân
De gemeente Dantumadiel hat syn nocht fan jongeren dy't yn de doarpen foar oerlêst soargje. Boargemaster Eggens warskôge de jongerein yn syn nijjiersrede dat saken as bygelyks hurde muzyk út autoradio's en fernielings hurd oanpakt wurde sille troch de plysje.
De gemeente wol mei de jeugd prate om te achterheljen wat se krekt wolle. Tocht wurdt oan it pleatsen fan jopla's.