Drokte troch nije belestingwet
De nije belestingwetjouwing driget min út te pakken foar allinnichsteanden mei bern. As se gjin heffingskoarting oanfreegje, rinne se 300 gûne yn 'e moanne mis.
De Belestingtsjinst yn Ljouwert hat it op it stuit smoardrok mei de nije wet dy't op 1 jannewaris yngien is. Ek by boekhâlders en sosjale tsjinsten stiet de telefoan net stil.