Burgumer sintrale wer yn bedriuw

03 jan 2001 - 12:51
Foto: Omrop Fryslân

De elektrisiteitssintrale oan 'e Burgumermar is opnij yn bedriuw. De EPON hat de sintrale tiisdei wer opstart. De produksje hat in jier stillein omdat der yn Nederlân in oerskot oan enerzjy produsearre waard.

Trochdat de Europeeske merk yn 2001 frijjûn is, kin it fabryk no wer draaie. By de sintrale wurkje likernôch tritich minsken.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)