Nijjiersstunten yn 'e provinsje

© Omrop Fryslân
Ferskate âldjiersploegen soargen foar nijjiersstunten yn Fryslân. De Simmer 2000-Slachte-keatstelegraaf wie út in Wommelser greide nei Easterein helle. Yn Jorwert wiene de huzen optuge mei alle plaknambuorden fan Littenseradiel.
De bekendste âldjiersploech, Frijsteat Folgeren, frege omtinken foar it fileprobleem mei in sweevjende auto. Der waarden 25.000 besikers ferwachte.