Tradisjoneel fjoer yn Marrum

02 jan 2001 - 11:29

Lykas alle jierren kamen sneintejûn in soad nijsgjirrige minsken op it grutte fjoer yn it sintrum fan Marrum ôf. Neffens de tradysje stekke de ynwenners mei âld en nij in bulte yn 'e brân. Dit kear wie der in auto en in karavan by.

Troch de hurde wyn sloegen de hege flammen hast oer nei in winkel yn 'e buert. De plysje hat net yngrepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)