Rêstige âldjiersnacht

© Omrop Fryslân
Aldjiersnacht is neffens de plysje reedlik rêstich ferrûn yn de provinsje. Yn it winkelsintrum fan Camminghabuorren yn Ljouwert binne alle ruten fan trije winkels yngoaid. Twa fertochten binne oanhâlden.
Yn Wytmarsum is in karavan stellen en yn de brân stutsen. Ek op oare plakken yn Fryslân hawwe lytse brantsjes west. It gie dêrby foaral om âlde karavans.