Roald Dahl op berne-iepenloft

01 jan 2001 - 15:28
Foto: Omrop Fryslân

It berne-iepenloftspul yn Easterwierrum hat takom simmer 'Sake en it suertsjefabryk' op it program. It stik is in frije bewurking fan Roald Dahl syn ferneamde 'Sjakie en de chocoladefabriek'.

Fjirtich skoalbern út 'e gemeente Littenseradiel tekenje foar de opfiering. De muzyk is fan Peter Sijbenga. Op 15 juny is de premjêre.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)