Krúskaai rêdt autobestjoerder

01 jan 2001 - 14:38

In krúskaai wie de rêding foar in autobestjoerder út Frjentsjer by in ûngelok sneontemoarn betiid. De 55-jierrige man rekke op de Getswerderdyk troch glêdens fan de dyk. Dat wie by in fytstunnel.

De automobilist stjoerde tsjin en rekke oan 'e oare kant fan de dyk mei syn wein op 'e kop yn 'e sleat. Mei de krúskaai koe er in rút stikken slaan en nei bûten ta krûpe. Hy mankearde neat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)