Fúzje East- en Weststellingwerf?

© Omrop Fryslân
De gemeenten East- en Weststellingwerf kinne wol fusearje. Dat die bliken op in diskusjegearkomste sneon yn Aldeberkeap. De Geitefokferiening hie by wize fan âldjiersfyt de middei organisearre. De boargemasters namen it idee serieus oer.
Beide gemeenten stienen der net negatyf foar oer. It soe sels goed útkomme om't der dan mar ien nij gemeentehûs nedich is. Guon woene har fan Fryslân ôfskiede.