Iepen dei tsjerke Seisbierrum

© Omrop Fryslân
De herfoarme tsjerke yn Seisbierrum hat sneon iepen dei hâlden. It publyk kaam benammen om it elektroanysk Allenoargel te sjen. Yn de oargelwrâld is dêr striid oer ûntstien om't net it âld Hinsch-oargel restaurearre is.
It 18e ieuske oargel sjocht der kreas út mar it lûd is elektroanysk, ta fertriet fan de oargelleafhawwers. De tsjerke is foar in miljoen gûne opknapt.