Fjoerwurkferkeap út ein set
Woansdei waard út ein set mei de ferkeap fan fjoerwurk. En mei de ferkeap begûn ek de kontrôle by de fjoerwurkhannelers.
Der binne ferskate easken dêr't hannelers oan foldwaan moatte, lykas brântsjinhâldende muorren, sprinklerynstallaasjes en warskôgingsbuorden. De miljeu-ynspekteurs binne oant no ta net folle ûnregelmittichheden tsjinkaam.