Hearrenfean keapet nije spits

© Omrop Fryslân
SC Heerenveen hat de Sweed Marcus Allbäck fêstlein. Doel is dat de sintrumspits in kontrakt foar 3,5 jier tekent. Allbäck wurdt 3 jannewaris keurd.
De 27-jierrige Allbäck spile 180 kompetysjewedstriden yn de heechste klasse yn Sweden en makke 72 doelpunten. Hy spile fiif ynterlâns en makke foar Euro 2000 noch diel út fan de Sweedske seleksje.