Oanhâlding oerfal C1000

29 des 2000 - 16:37

De plysje hat in 23-jierrige man sûnder fêst wen- en ferbliuwplak oanholden yn ferbân mei de oerfal op 'e C1000 woansdei yn Snits. De man wurdt freed foarlaat oan de offisier fan justysje.

De oerfallers wiene maskere. Om hoefolle dieders it gie, is noch net bekend. It eigners-echtpear fan C1000 waard yn har hûs oerfallen. De man moast yn de winkel jild ôfjaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)