Nije slypmasine foar redens

29 des 2000 - 11:26

In ynwenner fan Nes (Dongeradiel) hat in nije slypmasine foar redens ûntwikle. It apparaat slipet de redens 'bol' en kin boppedat twa tagelyk behannelje.

Anne Visser makket de masines sels en âld-reedrider Jan Bols bringt se oan 'e man. Der stiet al ien yn Grins, ien yn Berlyn en ien yn Amearika. Neffens de makkers wol it tige hurd ride op de redens dy't op de masine slipe binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)