Chipsysteem op NS-stasjons

29 des 2000 - 10:58

De NS sil op stasjons in chipsysteem ynfiere. Dat betsjut dat reizgers tenei allinnich mei in treinkaartsje it perron op kinne. Der komme spesjale tagongsstekken dy't minsken keare dy't neat te sykjen hawwe op it stasjon.

Mei it systeem wol de NS de feiligens ferbetterje. It chipsysteem moat der yn 2002 komme. It plan makket diel út fan in tal maatregels dy't de NS nimme sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)